Myn Thús



1

Ik sjoch ‘t ryp fan de beammen

‘t wyt kleuret de wrâld

t liket hast wol simmermar myn fingers bin sa kâld

As ik sjoch oer ‘t wetter

stiet alles even stil

bin ik werom kom op ‘t plakje

wer ‘t ik doe berne bin


2

De wyn hellet ‘t berntsje

nimt ‘m mei oer ’t iis

triuwt him oer de dingen

dy’t ferkeard gongen yn ‘e tiid

Jou t ‘m gong, al mar hurder

oant neat mear liket as ‘t is 

Mar eigentlik is noch neat feroare

No’t ik wer thús kaam bin



Do bist myn thús, myn thús

By dy bin ik wer thús

Fiel my wer thús, wer thús

Einlings werom

Wer ’t ik ek seach, wer ik ek socht

Ik koe’ t net oars krije

Ik bin wer thús, wer thús

Oan’e eine fan ‘e moarn



3

Soms dan tinkst dast’ t better wist

Op’e nij te begjinnen

Gjin âld sear, gjin ferline

Do(Mar dan) nimst ‘n oare wei

En ik sjoch ús noch rinnen

Sa sljocht mei ús beiden

En dan moat ik wer laitsjen

Fiel ik alles wer op’e nij


Refrein



Kom ik wer thús,

Kin ik al myn leafde krije

Bin ik wer thús

Hoech ik net te tinken oan’ e moarn

Kin ik alles even litte

Fiel ik my sa hiel gewoan

En hoe it ek komt

‘k fyn ‘t altyd werom



4

Mar ik bliuw oan dy tinken

De tiid mei ús beiden

(En) noch altyd bin ik grutsk

Op dy, myn Fryske lân

Foar dy wol ik alles

wer op’e nij begjinne

Foar dy doch ik alles

Wer fan foar ôf oan


Refrein (x2)



©Timme Koudstaal




TERUG